Ferkiezingspraat(sjes)
Dit skriuwen krige is fan âld CDA Steatelid Piet de Jager. Hij ha grut gelyk. Der blykt mar werris út dat partijen yn de byldfoarming faaks hiel oere stânpunten ha as wat der yn it ferkiezingsprogram stiet!

 

 

De ferkiezingsstriid is yn folle gong. Foaral de lytse (regionale) partijen litte tige fan har hearre. Se sjogge spitigernôch net sa krekt. as it om de wierheid giet. Sa woe Gemeentebelangen ús in pear wiken lyn yn de Stienser Omropper wiismeitsje, dat de grutte lannelike partijen it Frysk, ús twadde Rykstaal, út de grûnwet wei helje woene  Dat is gewoan net wier. En it kin ek net, want  it Frysk stiet noch net iens yn de grûnwet. Dy taal leit lykwols troch it krewearjen fan dyselde  grutte partijen  wol goed fêst yn Nederlânske en Europeeske wetjouwing. As alle ynwenners fan Fryslân útfierden, wat dêr yn stiet, wie der neat mei it Frysk te rêden. En it Frysk yn de grûnwet ?  Dat komt noch wol.

Yn de Stienser Omropper fan  19 febrewaris en ek op grutte provinsjale buorden makket de FNP it noch bûnter. Douwe Bijlsma seit  ûnder de kop "Gjin opleine weryndieling fan gemeenten" dat it CDA en de VVD foar it weryndielen fan gemeenten yn Fryslân binne. Lycht Douwe Bijlsma hjir ? Of fantasearret er allinnich mar ?  Gjin ien fan beiden. Hy wit der neat fan, want   hy hat  it nije provinsjale CDA-program noch nea lêzen ? As er dat al diend hie, hie er dêr dúdlik yn lêze kinnen:  - "Gemeentelijke herindeling wordt niet door de provincie geïnitieerd, of opgelegd, het kan alleen aan de orde zijn, als de gemeenten het zelf willen". Dizze passaazje is folslein yn oerienstimming mei wat hjir oer ek yn de lannelike programma's fan it CDA stiet.

Wa't wol, dat syn stim echt telt en wa't de ferhâldingen yn de Earste Keamer ek goed mei bepale wol, krijt fan my it advys, om syn/har stim net te fergriemen oan in lytse partij, mar om te stimmen op ien fan de 3 grutte lannelike partijen: dy soargje mei  tûke bestjoerders yn alle bestjoerslagen al jierrenlang  foar in deeglik bestjoer en dy kinne meiinoar ek  foar ús provinsje hiel wat betsjutte.  

Myn foarkar – dat mei dúdlik wêze -  en myn stemadvys oan alle minsken is: stem op it CDA; in âlde betroubere partij,  mei goeie útgongspunten, mei  frisse heldere ideeën en mei  ervaren fertsjintwurdigers út ús hiele provinsje.

                                                                                                            Piet de Jager. ald-Steatelid. CDA     
Reacties
05-03-2007 20:08
Ik bin it hielendal mei Pyt de Jager iens. Ik haw 8 jier mei Pyt yn de Steaten sitten, en wy hawwe wy ús doe (en ik no noch) tige drok makke oer it Frysk. Mar ek oer de weryndieling wer 't hieltyd wer sprake fan wie. It CDA is der dúdlik yn, sa as Pyt al útleit. Datjinge wat de FNP hjiroer beweard en sels op buorden doart te skriuwen of foar radio heare lit, is neffens my bedoeld foar dy minsken dy 't net krekt witte hoe 't yn elkoar stekt. Dan dogge 'one liners' it wol goed fansels.
Op soartgelikense wize hat de FNP fjouwer jier lyn de Magneetsweeftrein ek delsetten. De FNP liet it foarkommen as soe die sweeftrein al oanlein wurde en hie Fryslân der al € 200 miljoen foar betelle. De FNP lei de minsken de kar foar: "Wat hawwe jimme leaver. In soarchsintrum of in djoere sweeftrein?"

Sa heard it net, mar sa bard it dus op 'e nei by Pyt de Jager yn Stiens. Skamsum!!

Frans Kuipers

Reageer
naam*
email
reactie*